Soarch oer leechstân yn Snits

03 apr 2009 - 17:23

De ûndernimmersferiening fan Snits makket har soargen oer leechstân yn it sintrum. Op it stuit steane goed 20 winkelpânen leech en dat is eins nea earder foarkaam. Oant in pear jier lyn wie der sels in wachtlist foar winkels. No steane op it Grutsân al lange tiid gebouwen leech. Guon sels al inkelde moannen.

De oarsaak soe net allinnich de ekonomyske krisis wêze, mar ek de opkomst fan ynternetwinkels. Ek wie it sintrum in skoft minder goed berikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)