IT-bedriuw Tres sil KNVB helpe

Tefolle fuotbalfans keapje harren kaarten op oare websites, fynt de KNVB
Ynternetbedriuw TRES fan It Hearrenfean sil fuotbalbûn KNVB helpe om wat te dwaan oan swarthannel yn fuotbalkaarten. It KNVB wol dat de site fan Ticketbox heger skoart op sykmasjines as Google en Yahoo.
Ticketbox is de offisjele ferkeapsite fan it fuotbalbûn. Guon fuotbalfans komme no faak fia Google op sites fan net offisjele ferkeapsites omdat dy in heger plak yn de sykresultaten hawwe. TRES Internet sil spesjale sites bouwe sadat Ticketbox yn de top 3 komt.