Daalders plakje op It Amelân

© Omrop Fryslân
Steatsboskbehear op It Amelân hat in fêste groep pensjonearden freed in picknickbank kado dien. De bank stiet oan de Boskwei by Hollum. Al jierren komt in groep âldere eilânbewenners op it plak om dêr tusken de middei mei-inoar te praten oer deistige saken en it libben op it eilân.
Omdat de groep hieltyd grutter wurdt ha trije inisjatyfnimmers fan it praatoerke Steatsboskbehear frege om in bankje. Tafollich hie dy noch in tafel en twa banken oer.