Nij plak foar jongeren fûn

03 apr 2009 - 12:07

Der is lang om let in nij plak fûn foar de bewenners fan it Huis voor Jongeren yn Ljouwert. De jongerein kin sûnt 22 febrewaris troch in brân net mear terjochte yn de Huzumerleane. Dêrom sitte de jongeren op it stuit ferspraat op plakken dy't sy en ek harren begelieders net ideaal fine.

Fan heal april ôf kinne de jongeren te plak yn de wyk Cambuursterhoek yn Ljouwert. Dêr sit no noch de krisisopfang fan Limor, it eardere Leger des Heils, mar dy giet der út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)