Huisman jout de REC-striid op

© Omrop Fryslân
In fêste baan fan 70 oeren yn 'e wike en dan yn 'e frije tiid stride tsjin de komst fan de nije reststoffe-ôffalsintrale fan Omrin. Húsdokter Jan Walling Huisman út Harns hat dat goed in jier lang dien. Mar no hâldt er der mei op. Hy kin de druk net langer oan.
Huisman wie ien fan de fûlste tsjinstanners fan 'e nije sintrale omdat hy him grutte soargen makket oer de risiko's foar de sûnens. Dy soargen bliuwe, mar mei striden hâldt er op.