Soargen oer merke by WTC Expo

03 apr 2009 - 11:25

De PvdA yn Ljouwert is fernuvere oer de ferpleatsing fan de merke nei it Frieslandplein achter it WTC Expo. De merke wie altyd op it Saailân en soe ek dit jier yn it sintrum wêze.

Wêrom't de merke no nei de râne fan de stêd ferpleatst wurdt, is de PvdA net dúdlik. Neffens de partij meitsje merke-eksploitanten harren soargen oer de nije lokaasje. Ek de partij sels freget him ôf oft der wol genôch minsken nei dat plak ta komme. De PvdA wol no opheldering fan b. en w.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)