Provinsje knapt mear diken op

03 apr 2009 - 10:48

De provinsje sil op 'e nij in tal diken earder opknappe fanwege de ekonomyske krisis. Acht projekten sille de kommende jierren foar hast 19 miljoen euro ferkearsfeiliger makke wurde.

De grutste ynvestearring sil dien wurde op de dyk tusken Ljouwert en Boalsert. Dêr komme twa fyts- en lânboutunnels ûnder de dyk troch. Ek sil it knipepunt by Winsum oanpakt wurde. De dyk by Holwert wurdt ek earder opknapt as pland.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)