Aris Friesland wint fan Leiden

03 apr 2009 - 10:11

De basketballers fan Aris Friesland hawwe de lêste kâns pakt. Fan konkurrint ZZ Leiden waard tongersdei mei 75-73 wûn en sa pakten de Ljouwerters belangrike punten yn de striid om de play-offs.

Aris begûn goed, mar healwei naam Leiden in foarsprong. Pas yn it lêste kwart koe Aris wat ôfstân nimme. Foar de kompetysje spilet Aris noch fiif wedstriden en dêryn moat it noch fjouwer punten ynhelje op Zwolle en Leiden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)