Skoalle warskôget foar manlju

03 apr 2009 - 09:57

Skoallemienskip Liudger yn Drachten warskôget learlingen foar twa manlju dy't famkes lestich falle by de skoalle oan de Splitting yn Drachten. De manlju hâlde famkes oan, freegje om harren telefoannûmer en besykje harren oanslutend yn 'e auto te krijen.

Op de website fan de skoalle stiet ek in sinjalemint fan de manlju. It giet om twa manlju mei in tinte hûdskleur, de iene hat lang en de oare koart swart hier. It duo rydt yn in grize Chrysler.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)