Gjin apparteminten yn Tsjom

03 apr 2009 - 09:26

Der komme gjin apparteminenten yn it âld molkfabryk yn Tsjom. De gemeenteried wiisde de oanfraach tongersdei ôf. Der moatte noch mear plakken yn it doarp oanpakt wurde en neffens de ried moat yn dy oanpak ek it fabryk meinommen wurde.

Der wurdt al lang praat oer it molkfabryk. Der binne al ferskate tekenings en plannen makke, mar dêr is nea wat mei dien. Tielen Vastgoed BV út Alkmaar kaam mei it plan om yn it kompleks apparteminten te bouwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)