Tekening dieder moard makke

02 apr 2009 - 22:48

De Noordelijke Recherche Eenheid bûgt him oer in komposysjetekening dy´t makke is fan in man dy´t mooglik belutsen west hat by de dea fan kroechbaas Fokko_Werkman fan De_Haule. De tekening is makke op oanwizings fan in paragnoste fan it tv-programma Het_Zesde_Zintuig.

De twa resjersjeurs dy´t meiwurken oan it programma seine dat se de tekening fergelykje sille mei de gegevens dy´t se ha fan fjouwer fertochten dy´t se op it each ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)