Skarsterrrienbrêge noch goed

© Omrop Fryslân
De Skarsterrienbrêge yn de A6 by De Jouwer is noch lang net oan ferfanging ta. Nei de reperaasje koartlyn, kin de brêge seker noch wol tweintich jier mei. Dat seit minister Eurlings fan Ferkear, yn reaksje op fragen fan it CDA yn de Twadde Keamer.
It CDA woe witte oft de brêge net ferfongen wurde kin troch in akwadukt. Dat wol de provinsje yn elk gefal graach. Neffens Eurlings kin dat allinne as de provinsje der sels oan meibetellet.