LED-lampen komme tasizzing nei

© Omrop Fryslân
De LED-lampen yn de Fryske kampanje Ik Stap Oer! foldogge oan wat op de ferpakking tasein wurdt. Dat docht bliken út ûndersyk yn opdracht fan de provinsje. De LED-lampe ferbûkt fiif watt, sa't ek op it doaske stiet.
Earder kaam yn it nijs dat de lampen min fan kwaliteit wiene en mear stroom ferbrûke soene. Unôfhinklike saakkundigen fan ûnder oare it keuringsynstitút KEMA ha no oantoand dat de lampen enerzjysuniger binne as sparlampen.