Utstel beslút oanskaf test-JSF

02 apr 2009 - 14:03

Op 15 april wurdt noch gjin beslút nommen oer de oanskaf fan twa testtastellen fan de JSF, de opfolger fan de F-16. De fêste keamerkommisje hat besletten it algemien oerlis dat de Keamer op 15 april hâlde soe, út te stellen.

Der is noch gjin nije datum pland, mar it oerlis soe noch wol dizze moanne plakfine. Moandei hâldt de Twadde Keamer in harksit oer de Joint Strike Fighter, om te diskusjearjen mei tal fan saakkundigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)