Penjumers wolle dongsek kwyt
In groep ynwenners út Penjum besiket op ´e nij by de rjochter de grutte dongsek oan de râne fan it doarp fuort te krijen. De groep fan hast 30 Penjumers hat troch de dongsek te krijen mei stankoerlêst, in minder goed útsjoch en huzen dy´t minder wurdich wurde.
Doarpsbelang Penjum easket no by de rjochter dat de gemeente Wûnseradiel de fergunning oan boer Van_Gosliga ynlûkt en dat de sek mei dong fierder by it doarp wei komt te lizzen.