Twaspanhuzen op 'e Harkema

02 apr 2009 - 11:57

De Stichting Woningbouw Achtkarspelen is hurd op syk nei pearen dy't wenje wolle yn de noch te bouwen twa-span-huzen op De Harkema. In twaspanhûs bestiet eins út twa huzen dy't mei elkoar ferbûn binne. Dat makket se hiel geskikt foar pearen wêrfan't de iene helte mantelsoarger is en de oare helte soarch nedich hat. Twa stiet yn dit gefal foar Tegearre Wenje Apart.

Der is wol belangstelling foar dit foar Fryslân nije idee, mar echt stoarm rint it noch net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)