Sukses foar swimmers Orca

Orca sit yn de lift
Sukses foar de Ljouwerter swimferiening Orca. Beide swimteams promovearje dit seizoen. De earste seleksje sil takom seizoen sels útkomme yn de lanlike haadklasse. Troch de degradaasje fan DZ&PZ út Drachten is Orca dêrmei de iennichste Fryske klup yn dy klasse.
Der is noch wol in mar, no snein moat Orca by de neikompetysjewedstriid yn Amersfoort by de earste trije einigje. Mar dat liket in formaliteit.