Frou bedrige troch twa manlju

02 apr 2009 - 10:12

De plysje hat woansdei yn Snits twa manlju oanhâlden fan 18 en 29 jier op fertinking fan bedriging. In 17-jierrige frou belle de plysje, omdat se op de merke troch de twa manlju mei in mes bedrige wie.

De manlju waarden oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo op 'e Jouwer. Nei in bemiddeljend petear tusken de frou en de mannen, besleat de frou gjin oanjefte te dwaan. De fertochten mochten wer nei hûs, mar it mes moasten se ynleverje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)