Motorrider rydt fierste hurd

02 apr 2009 - 10:07

De plysje hat woansdei besocht in motorrider oan te hâlden dy't mei hege snelheid in ûnopfallende plysje-auto ynhelle. Dat barde by Kollumerpomp. De plysje sette de achterfolging yn, mar koe de mortorrider net byhâlde. Dy ried 155 kilometer yn de oere, op in plak dêr't 80 it maksimum is.

Fanwege de feilichheid hat de plysje de achterfolging staakt. De bestjoerder fan de motor kin in flinke boete ferwachtsje en boppedat sil syn rydbewiis ynnommen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)