Sleat moat mear brûze

Lit it brûze en siede yn Sleat...........
De ûndernimmersferiening fan Sleat hat juster tolve ideeën oanrikt krigen om de stêd wat mear brûze te litten. It winnende idee is it organisearjen fan in krystmerk. Dit idee foldie it meast oan de kritearia, dy't tegearre mei de ûndernimmers fan Sleat opsteld wiene.
Sa'n 75 studinten fan de Stenden hegeskoalle hawwe de opdracht útfierd en sille ek mei de útfiering oan de slach. It is de bedoeling dat mei de oandroegen ideeën der it hiele jier geregeld wat te belibjen is yn Sleat.