Iraans gesin einlings kompleet

© Omrop Fryslân
Nei tolve jier wurdt snein lang om let it Iraanske gesin Nasiri fan De Lemmer wer byelkoar brocht. Yn 1997 flechte heit Nasiri mei syn twa âldste soannen foar it Iraanske rezjym. Syn frou en jongste soan bleaunen achter. Omdat de heit yn Nederlân gjin ferbliuwsfergunning krige, koe it gesin net byelkoar brocht wurde.
Troch it generaal pardon en de ynset fan in hiel soad frijwilligers en steatssiktaris Albayrak komt it no dochs noch goed.