Suderkade Frjentsjer opknapt

© Omrop Fryslân
Frjentsjer giet de konkurrinsje oan mei Harns as it giet om it binnenheljen fan de wettersporter. Om mear boatsjeminsken yn de stêd te krijen binne de Suder- en Turfkade opknapt, binne elektrisiteitpealtsjes pleatst en is de grêft flink útbaggere. No kinne der wer boaten oanlizze mei in djipgong fan 1.80.
Ek krige de brêge nei de Tuinen nei hast hûndert jier in offisjele namme. Dy hjit no de Brouwersbrug.