Lintsje foar Boekhoven

01 apr 2009 - 18:04

Boargemaster Boekhoven fan Nijefurd hat woansdei in lintsje krigen, hy is beneamd ta Ridder yn de Orde van Oranje Nassau. Boekhoven krijt de keninklike ûnderskieding, omdat hy al 25 jier boargemaster is.

Yn de gemeenten Skiermuontseach en Nijefurd hat hy him sjen litten as in trochpakkende boargemaster. Hy hat him ûnder oare bot ynsetten foar it behâld fan monuminten yn syn gemeenten troch hjir fûnsen foar te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)