Koart pleit tsjin freedsmerk

01 apr 2009 - 16:34

It is noch net wis wêr't de freedsmerk yn Ljouwert komt. Woansdei tsjinne in koart pleit fan Ljouwerter winkellju om de merk op de Nijstêd te kearen.

De gemeente wol de merk ferhúzje nei Nijstêd, Wurdumerdyk en it Aldehouster-tsjerkhôf. De freedsmerk kin net op it Saailân hâlden wurden omdat de bou fan it Fries Museum begjint. Mar winkellju op 'e Nijstêd binne net bliid mei de kreamkes. Se binne benaud dat se klanten ferlieze en stapten woansdei dêrom nei de rjochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)