In dei meirinne mei Jorritsma

01 apr 2009 - 16:30

In dei meirinne mei kommissaris fan de keninginne John Jorritsma. Dat wie woansdei weilein foar sân gewoane boargers. Sy reagearren op de oprop fan Jorritsma yn jannewaris om in kear mei him mei te rinnen. Jorritsma wol graach sjen litte hoe drok er it hat.

De dei begûn mei in oerlis mei wurkjouwersorganisaasje VNO/NCW Noord. Middeis wie der in wurkbesite op Skylge en de dei einige mei in buorrel fan de jubilearjende boargemaster yn Warkum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)