Spul skoallen Harns/Frjentsjer

Skoalle Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer ynformearret âlders ferkeard. Dat seit de direksje fan skoalmienskip Simon Vestdijk yn Harns yn in advertinsje yn de Harlinger en Franeker Courant. De Frjentsjerter skoalle biedt Havo+ oan foar bern dy't mear as Havo kinne.
De ûnderwiisynspeksje hat earder inselde formule ûnder de namme lyseumklasse ferbean. De advertinsje fan Simon Vestdijk is ferkeard fallen by de Frjentsjerter skoallemienskip.