Saak Werkman by RTL

© Omrop Fryslân
Yn RTL-programma Het_Zesde_Zintuig: Plaats Delict is tongersdei omtinken foar de moard op Fokko_Werkman. De kroechbaas is yn 2003 fermoarde yn syn kafee. In dieder is noch altyd net fûn. Foar it programma ha fjouwer paragnosten in besite brocht oan De_Haule en kafee De Turfsteker.
Der wiene ek resjersjeurs oanwêzich by de opnamen. It is noch net dúdlik oft de besite fan de paragnosten ek wat opleveret. Earder bestege it programma oandacht oan de saak-Vaatstra.