De Vries:gjin nij JSF-ûndersyk

01 apr 2009 - 15:09

Steatssiktaris Jack de Vries fan Definsje wegeret oanfoljend ûndersyk te dwaan nei de lûdsbelesting fan it gefjochtsfleantúch Saab Gripen, it alternatyf foar de JSF. De Twadde Keamer hie frege om sa'n ûndersyk, omdat se witte wolle oft de Saab minder leven jout foar omwenjenden fan 'e Ljouwerter fleanbasis.

De Vries kiest foar de JSF. Nije stúdzje nei it leven fan 'e Saab fynt er oerstallich. Lûdsoerlêst is ek gjin seleksjekritearium foar definsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)