Alaarm gemeentehûs Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Troch in steuring yn de alaarmynstallaazje fan it gemeentehûs fan Hearrenfean moasten woansdeitemoarn alle amtners nei bûten. En ek al wie it 1 april, binnen in pear tellen stiene se allegearre op strjitte.
Al gau waard dúdlik dat it loos alaarm wie: troch in steuring yn it tsjettelhûs waard der alaarm slein, wylst der gjin gefaar wie. Der wurdt noch ûndersyk dien nei de steuring.