Ek reeën nei de Fûgelhelling

© Omrop Fryslân
De Fûgelhelling yn Oerterp kin ynkoarten legaal ek reeën, kninen, stienmarters en oare sûchbisten opheine. No bart soks ek wol, mar offisjeel mei it net en dochs wurdt it al jierren tastien. It giet om goed 400 bisten it jier.
Der is al lang praat oer fergunnings foar wylde bisten yn in asyl lykas de Fûgelhelling. Dizze moanne sil minister Verburg in beslút nimme oer it opheinen fan sûchbisten en wurdt de opfang yn Oerterp legaal.