Harkemase Boys bekert fierder

© Omrop Fryslân
De Harkemase Boys ha har yn Hoogeveen troch in 6-0 winst op De Weide pleatst foar de kwartfinale fan de beker fan it distrikt Noard. De Harekiten stienen mei it skoft mei 2-0 foar, nei it skoft waard it al gau 3-0. Dêrnei wie it in kwestje fan útspylje.
Ek de Drachtster Boys ha de kwartfinale fan it bekertoernoai berikt. By WKE yn Emmen waard mei 4-0 wûn. Grypstsjerk, ACV, SC Erica, Dio Grins en Holwierde hienen harren al by de lêste acht pleatst