Filmhûs mei ferhúzje
De gemeenterie fan Ljouwert is mei in lytse mearderheid akkoart gien mei de ferhuzing fan it Filmhûs nei it nij te bouwen Fries Museum. Njoggentjin riedsleden wiene tiisdei foar de ferhuzing, sechtjin der tsjin.
Betingst fan de rie is dat de subsydzje dy't it Filmhûs fan de gemeente krijt de kommende trije jier ôfboud wurdt. Foarsitter Buith fan it Filmhûs tinkt dat it mooglik is sûnder dy subsydzje te draaien.