Danijel Pranjic net yn aksje

31 mrt 2009 - 23:05

Hearrenfean-spiler Danijel_Pranjic komt woansdei foar syn heitelân Kroäsië net yn aksje yn de WK-kwalifikaasjewedstriid tsjin Andorra. De middenfjilder hat lêst fan in spierblessuere yn it kût. Pranjic is al werom op It_Hearrenfean. De kommende dagen wurdt dúdlik as er sneon spylje kin tsjin Heracles Almelo.

Keeper Brian_Vandenbussche hat gjin lêst mear fan syn búkblessuere. Hy hat tiisdei wer traint mei de seleksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)