Doekle Terpstra nei KNSB

Doekle Terpstra
Ald-Wytmarsumer Doekle_Terpstra wurdt de nije foarsitter fan it reedridersbûn KNSB. Hy is troch de bûnsried unanym foardroegen.
Terpstra moat fan de KNSB in profesjonele organisaasje meitsje. Sa soe der in skieding oanbrocht wurde moatte tusken topsport en rekreaasje. Yn juny moat de algemiene ledefergadering noch stimme oer de foardracht. Terpstra is no foarsitter fan de HBO-ried, earder wie hy foarsitter fan it fakbûn CNV.