Fryske sporten op de Wii

31 mrt 2009 - 20:15

Oer in heal jier kinne in soad Fryske sporten op de Wii-computer spile wurde. It Ljouwerter bedriuw Grendel Games ûntwikkelt Wii-spultsjes fan it reedriden, fierljeppen, keatsen, ringriden en skûtsjesilen.

De spultsjes wurde wrâldwiid op de merk brocht foar sa'n 10 euro. De provinsje jout finansjele stipe foar de ûntwikkeling fan de games, omdat dy foar goeie promoasje fan it Frysk en Fryslân soargje sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)