Oalje op PM-kanaal Grou
Wetterskip Fryslân is drok dwaande mei it opromjen fan gasoalje op it Prinses Margrietkanaal by Grou. It giet om 150 liter oalje dy't oer 300 meter fuortdreaun is. De oalje is nei de ynstekhavens oan de noardeastkant fan de Pikmar waaid.
Meiwurkers fan it Wetterskip helje de oalje mei absorpsjemateriaal út it wetter. Der wurdt noch ûndersyk dien nei wêr't de oalje weikomt.