Replika Blazer yn Warkum

31 mrt 2009 - 17:03
  • De blazer op 'e werf yn Warkum

By skipshelling De_Hoop yn Warkum wurdt op dit stuit in replika fan in âlde fiskersboat makke. It giet om in blazer, dêr´t noch mar ien orizjinele fan is yn Nederlân. Der wurdt tsien jier oan wurke om´t de boat flink fertutearze is.

Inisjatyfnimmer Gerben_Groenhof seach de boat lizzen by it Suderseemuseum yn Enkhuzen. Hy sleat in oerienkomst mei it museum foar it yn brûklien krijen fan it skip foar tsien jier en hy rjochte in stifting op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)