Talúd op A7 by Snits fersakke

31 mrt 2009 - 15:32

Rykswettersteat is op de A7 by Snits dwaande mei in needreparaasje omdat it talúd fersakke is. By in ynspeksje kaam tiisdei oan it ljocht dat der in grûnfersakking west hat op it plak dêr't de sneldyk oer de Snitser Aldfeart giet.

Der is ien rydstrook ôfsletten omdat ek in stik asfalt ferfongen wurde moat. Rykswettersteat hopet dat de oannimmer de reparaasje oan 'e ein fan tiisdeitemiddei klear hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)