Drokte foar Formulierebrigade

31 mrt 2009 - 14:44

De saneamde Formulierenbrigade yn Ljouwert hat ôfrûne jier goed 650 minsken holpen mei it ynfoljen fan formulieren. De brigade is bedoeld om minsken mei in leech ynkommen te stimulearjen om bygelyks gebrûk te meitsjen fan foarsjennings as bysûndere bystân en soarchtaslach.

Woansdei wurdt bekend makke hoefolle jild ekstra útkeard is oan Ljouwerters mei in leech ynkommen. De Formulieren-brigade is in gearwurking tusken wolwêzensynstânsjes yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)