12000 staazjeplakken beskikber

Steatssekretaris Marja van Bijsterveld fan ûnderwiis hat tiisdei op it Hearrenfean in yntinsje-oerienkomst tekene dy´t goed is foar 12.000 staazjeplakken. It giet om maatskiplike staazjeplakken by sportklups.
De oerienkomst is sletten mei it Nederlands Instituut voor Sport en Bewegen. Oer twa jier wurde maatskiplike staazjes ferplichte yn it fuortset en beropsûnderwiis. De oerienkomst is in lanlike primeur.