Froeks ferkeazen boppe Fynst

Froeks wint de slach om it jild
De jongereinsite Froeks.tv krijt 280.000 euro fan de provinsje foar it meitsjen fan jongerein-tv oant en mei 2010. Ek de site Fynst wie yn de race foar dy provinsjale sinten. Der wie mar jild foar ien fan beide sites, de site dy´t de measte jeugd lûkt, krijt de sinten. En dat is Froeks.
Doel is dat de site it Frysk lêzen sa goed mooglik stipet ûnder de jeugd. Ek dêryn skoart Froeks better. 70 prosint fan de reaksjes op Froeks binne yn it Frysk. By Fynst is dat 50 prosint.