Evaluaasje Frysk Festival 2008

31 mrt 2009 - 11:50

Fan it Frysk Festival fan 2008 moat in evaluaasje komme. Dat fynt de PvdA-steatefraksje. Se hawwe dêr skriftlik fragen oer steld oan Deputearre Steaten. De PvdA wol dat de evaluaasje noch foar de simmerfakânsje is.

De PvdA wol ek fan DS witte oft de planfoarming foar in nije edysje fan it festival net wachtsje moat op de evaluaasje. Yn de plannen fan it Fryske Fiersicht Fryslân Ferbynt foar 2012 wurdt nammentlik al praat oer gearwurking met it Frysk Festival.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)