Matroas nei ûngelok ferstoarn

31 mrt 2009 - 10:58

De 40-jierrige matroas út Capelle a/d IJssel dy't moandei libbensgefaarlik ferwûne rekke by in bedriuwsûngefal op de Waadsee by Lauwerseach is moandeitenacht stoarn. Dat lit it Korps Lanlike Plysjetsjinsten witte.

It slachtoffer waard op it skip Coastal Digger troch in ankerketting meisleept ûnder wetter wylst syn skonk fêstsiet oan it tou fan de ankerboei. De man rekke slim ûnderkuolle en waard yn kritike tastân oerbrocht nei it sikehûs yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)