Jong H'fean nei bekerfinale

Kalou skoarde twa kear
Jong Hearrenfean hat nei in bizarre wedstriid de bekerfinale helle. Op Skoatterwâld waard nei ferlinging jong AZ ferslein. De Graafschap is no de tsjinstanner yn de finale op 11 maaie.
Kalou skoarde nei sân minuten út in penalty, neidat Tesselaar fan AZ read krige. Deekman makke yn de 63e minút 2-0. Fia in penalty fan Luirink en in goal fan Ari waard it 2-2. Yn de ferlinging krige Kopic syn twadde giele kaart, mar fjouwer minuten foar tiid makke Kalou de winnende 3-2.