Winst yngenieursburo omheech

© Omrop Fryslân
Yngenieursburo Oranjewoud fan It Hearrenfean seach de omset oer 2008 mei 59 persint tanimmen nei 363 miljoen euro. De winst gie omheech nei 17,2 miljoen euro.
Fanwege de ekonomyske krisis docht it bedriuw gjin útspraken oer de ferwachtings foar it kommende jier. Wol seit Oranjewoud it earst rêstich oan te dwaan mei it oernimmen fan oare bedriuwen.