Arubanen turnje op It Fean

30 mrt 2009 - 16:34

De Arubaanske turnseleksje komt op 8 april nei Sportstêd Hearrenfean foar in turnkamp. De dielnimmers traine oant en mei 17 april alle dagen twa kear yn 'e turnhal fan Sportstêd.

CIOS-studinten fan it Fryslân Kolleezje op It Hearrenfean binne yn 2006 begûn mei in turnklasse op Aruba. It is in staazjeprojekt wurden. Alle trije moannen gean dêr twa studinten hinne. De Arubaanske seleksje bestiet út tolve turnspesjalisten: njoggen sporters en trije begelieders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)