Swimbad Blauwe Golf wer iepen

De Blauwe Golf
Swimbad De Blauwe Golf yn Ljouwert is wer iepen. In part fan it swimbad wie sûnt begjin maart ticht fanwege needreparaasjes.
De ynstallaasje fan it swimbad wie folle earder oan ein as ferwachte. Om problemen foar te kommen, moasten it doelgroepbad en it ynstruksjebad ticht. De filters dy't it wetter skjinhâlde, binne no revisearre. Omdat it bad dochs ticht wie, is ek it foechwurk fernijd.