Klachten oer kollektyf ferfier

De Meldwike foar klachten oer it kollektyf ferfier yn Fryslân hat mear as santich klachten opsmiten. Sa'n 4000 Friezen meitsje gebrûk fan it kollektyf ferfier. De measte klachten gean oer it ferfier fan learlingen.
De meldwike wie organisearre troch Zorgbelang Fryslân. Neffens Zorgbelang binne de taksys te let of krekt te betiid en witte net alle sjauffeurs goed om te gean mei de bern. In soad minsken doarre net te kleien om't se ôfhinklik fan it ferfier binne.