Man oerboard lutsen

Foto: KNRM, Pim Korver
In 40-jierrige man is moandei libbensgefaarlik ferwûne rekke by in bedriuwsûngefal op 'e Waadsee. Hy waard ûnder wetter lutsen om't er mei de foet fêst stiet oan it tou fan in ankerboei. Kollega's hawwe de man wer oan board helle.
Swier ûnderkuolle en mei in stikken ankel is er yn kritike tastân nei it sikehûs yn Grins brocht. De man wurke op it skip Coastal Digger dat kabels op 'e boaiem fan 'e Waadsee kontrolearret.