FNP hat soarch om Marwei

Finzenis De Marwei yn Ljouwert
De FNP-riedsfraksje fan Ljouwert is bang dat De Marwei ticht giet. De fraksje hat ynformaasje dat it gefang troch organisatoaryske problemen en it lanlik oerskot oan sellen op de nominaasje stiet foar sluting.
De Fryske haadstêd rekket de lêste tiid mear ynstellings kwyt, lykas de kantoaren fan de Keamer van Keaphannel en it Kadaster. Dêrom wol de FNP dat it gemeentebestjoer alles op alles set om sluting te kearen. De fraksje sil moandei fragen stelle oan B en W.